Finansjen Singelland no yn ried

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân is seis jier lang net frege om goedkeuring te jaan oan de finansjele stikken fan iepenbiere skoallemienskip Singelland. Op grûn fan de stichtingsakte fan de skoallemienskip hie dat wol moatten.
De finansjele stikken fan 2003 wurde meikoarten oan de gemeenterie foarlein. Omdat de skoalle neffens de gemeente oer de fiif jier dêrfoar in goed finansjeel belied fierd hat, wurde dy stikken net mear foarlein.