Bijman: lobby foar struktuerfûns

© Omrop Fryslân
Deputearre Bijman ferwachtet sukses fan syn lobby yn Brussel foar it behâld fan in Europeesk fûns foar bygelyks bedriuweterreinen en akwadukten. It giet om it saneamde struktuerfûns, dêr't 1,14% fan de Europese begrutting hinne gjiet. It Nederlânske regear wol dat werombringe nei 1 persint.
Fryslân docht lykwols regelmjittich mei sukses in berop op it struktuerfûns. Bijman tinkt dat de fermindering fan de ôfdracht ten koste gean sil fan Fryslân.