Schulting skielk gjin assistint

© Omrop Fryslân
Jan Schulting sil nei dit seizoen net werom komme as assistint trainer fan Cambuur. Dat sei Schulting sneon yn in petear mei Omrop Fryslân. Schulting is op dit stuit ynterim-haadkoach fan de Ljouwerters. Dêrfoar wie hy assistint fan de koartlyn ûntsleine Dick de Boer.
Neffens Schulting is de takomstige nije trainer fan Cambuur, Roy Wesseling, yn petear mei in oare assistint. Wa't dat is wol hy net sizze.