Wer 40 banen fuort by Philips

© Omrop Fryslân
Der falle alwer nije ûntslaggen by Philips yn Drachten. It giet om 40 man op 'e ôfdieling dêr't skearapparaten ûntwikkele wurde. Der ha de ôfrûne jierren al ferskate ûntslachrondes west. In nije klap, sa seit Klaas Idzerda. Hy wurket by Philips, en fertsjintwurdiget de CNV-leden.
Lykas bekend ferdwine by de produksje fan sinnebanken 60 banen. De direksje koe sneon gjin kommentaar jaan.