ONS mei 1-2 ûnderút tsjin Putten

23 jan 2005 - 12:55

It begûn sa moai. Yn 'e 28-ste minút skoarde Ton Haarman 1-0 foar ONS Snits. It wie al wer Haarman syn trettjinde goal fan dit seizoen. Yn 'e earste tsien minuten fan 'e twadde helte gie it mis foar de Snitsers.

Putten skoarde flot 1-1 en 1-2. Snits besocht it wol, mar hie gjin macht, foarm en oertsjoeging om wer werom te kommen. Snits miste in pear belangrike basisspilers, lykas Sandor van der Heide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)