Fúzje Rabo's Noardeast-Fryslân

23 jan 2005 - 08:59

De Rabobanken yn Noardearst-Fryslân wurkje oan in fúzje. It giet om de banken De Lauwers en Noardeast-Fryslân. It kombinearen fan benammen it wurk op de haadkantoaren moat in bettere tsjinstferliening oan de klant opsmite.

De fúzje hat yn earste ynstânsje gjin gefolgen foar de 275 wurknimmers en 21 kantoaren. Oft dat op termyn ek it gefal is wurdt noch besjoen. Letter dit jier beslute de leden fan de bank oer in fuzje per jannewaris 2005.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)