Drokte by Maritieme Academie

22 jan 2005 - 17:16

In soad drokte sneon by de iepen dei fan de Maritieme Academie yn Harns. De dei hat 75 nije learlingen opsmiten. It docht bliken dat it berop oan board fan in skip hieltiid mear yn trek is by de jeugd. De skoalle fersoarget MBO- en HBO-opliedings foar de see- en binnenfeart. Foar de gelegenheid koe it publyk ek rûn sjen op it opliedingsskip de Ms Emeli. Sa'n 300 minsken kamen der op ôf, neffens de skoalle in boppeslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)