Cambuur - Emmen: 3 - 4

© Omrop Fryslân
De taskôgers fan 'e benefytwedstriid Cambuur - Emmen op it FVC-terrein yn Ljouwert krigen sneon in soad goals te sjen. Emmen naam foar it skoft de lieding; Oosting skoarde twa kear en Thijs Houwing die wat werom foar Cambuur. 1-2 wie de rêststân.
Nei rêst skoarde Leferink 1-3, op 'e nij Houwing 2-3 en Manning 2-4 foar Emmen. Sjoerd Ars, dy't by Cambuur op proef is, bepaalde de einstân op 3-4.