Van Toor net nei Cambuur

© Omrop Fryslân
Fuotballer Arnoud van Toor komt dochs net nei Cambuur. De 21-jierrige middenfjilder fan Haarlem hat mei syn hjoeddeiske wurkjouwer oerienstimming berikt oer in nij twa-jierrig kontrakt. En dêrmei is in transfer nei Cambuur fan 'e baan.
De saakwaarnimmer fan Van Toor prate de ôfrûne wike noch mei Cambuur. Mar doe't dêr gjin akkoart útkaam sloech Haarlem fuort ta.