Botsing yn Ljouwert

21 jan 2005 - 17:55

Fiif auto's en in frachtwein soargen mei in kop-sturtbotsing freedtemoarn foar oerlêst op de Anne Vondelingwei yn Ljouwert. In 45-jierrige man út Ryptsjerk stie om ûndúdlike redenen ynienen op de remme. Oare bestjoerders koene net mear op 'e tiid reageare.

Net ien rekke ferwûne, der wie inkeld blikskea. De dyk hoegde net ôfsetten te wurden, it ferkear koe oer ien baan fierder ride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)