Akjes foar behâld Atoglas

© Omrop Fryslân
De fakbûnen FNV en CNV riede aksje ta foar it fabryk Atoglas Ljouwert. De direksje wol it fabryk oare jier slute, om't in festiging yn Frankryk goedkeaper produsearje kin. De ûndernimmersrie hat no in plan betocht om njoggentich fan 130 banen te behâlden. Dat plan wurdt freed oanbean.
De leden fan it fakbûn binne ree ta aksjes om harren eask krêft by te setten. It baneferlies yn dit plan bliuwt beheind ta fjirtich wurknimmers.