Kleankonsern Bentex fallyt

21 jan 2005 - 15:33

It Lemster kleankonsern Bentex is fallyt. De hast 400 personielsleden steane fuortendaliks op strjitte. De 55 winkels fan it tekstylbedriuw yn Noard- en East-Nederlân ha te krijen mei in skuldelêst fan mei-inoar seis miljoen euro. Dy finansjele swierrichheden binne Bentex fataal wurden, seit de direksje.

It bedriuw feroare ferline jier twa kear fan eigner. It wie úteinlik fan twa finansieringsmaatskippijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)