Stickeraksje Gomarus slacht oan

21 jan 2005 - 12:07

De sticker-aksje fan dosint Harry Noordhof fan it Gomarus Kolleezje yn Drachten slacht oan. Noordhof hat in sticker meitsje litten mei de tekst 'Ik en mijn muis, wij zullen de Here dienen', om de learlingen oan te setten ta ferantwurde ynternetgebrûk.

De direksje fan it Gomarus Kolleezje hat no besletten om de stickers oan alle learlingen yn alle festigingen te jaan. Ek kinne de stickers besteld wurde op de website fan 'e skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)