Yildirim komt sneon mei beslút

© Omrop Fryslân
Hearrenfeanspiler Ugur Yildirim makket sneon bekend oft er foar it Nederlânske of it Turkse fuotbal-alvetal kiest. De spits hat fan beide lannen in útnoeging krigen om op 9 febrewaris in interlandwedstryd te spyljen. Yildirim hat in dûbele nasjonaliteit.
Nei ôfrin fan de wedstryd fan SC Heerenveen tsjin FC Den Bosch makket de oanfaller dúdlik oft er meidocht oan Ingelân-Nederlân of Turkije-Tunesië.