Berôving op Emmakade

© Omrop Fryslân
In 35-jierrige Ljouwerter hat oanjefte dien fan berôving. Hy waard tongersdeitemiddei oerfallen op de Emmakade. Doe't de plysje dêr kaam, lei de man op 'e grûn mei bloed op syn noas. Ambulânsepersoniel behannele him en brocht him dêrnei nei it sikehûs.
De dieder is in blanke, Nederlânsk pratende man fan tritich jier. Hy hie donker, slaggerich, heallang hier. Nei alle gedachten hie er in trainingsbroek en in swart learen jaske oan.