Plysje lost metaalstellerij op

Koper © Omrop Fryslân
De plysje hat mei de oanhâlding fan trije manlju út Harns en ien út Kimswert in grut tal metaalstellerijen oplost. It giet om stellerij fan koper en lead fan skoallen, tsjerken en by bedriuwen. Dat diene de manlju ûnder oare yn Harns, Frjentsjer, Dronryp, Tsjummearum en Doanjum. De plysje kaam de fjouwer op it spoar nei DNA-ûndersyk. Dêrby kaam in Harnzer (27) yn byld. Nei oanlieding fan ûndersyk binne de oare trije oppakt. Se sitte allegear noch fêst. De skea rint yn de hûnderttûzenen euro's. Se ferkochten it metaal oan hannelers.
It ûndersyk nei dy hannelers rint noch.