Underwiisachterstân oanpakke

© Omrop Fryslân
Provinsjale Steaten komme mei fiif oanbefellings om ûnderwiisefterstannen yn de provinsje op te lossen. Se dogge dat nei oanlieding fan in rapport fan de Fryske Akademy.
Om de efterstannen by it lêzen en rekkenjen op te lossen, soenen learlingen foar langere tiid folge wurde moatte. Ek soe der in soarte fan provinsjaal ûnderwiisfûns yn it libben roppen wurde moatte om nije ûndersiken nei it ûnderwiis út te beteljen.