Brân wenhûs It Hearrenfean

21 jan 2005 - 10:24

In wenhûs oan de Boeier op It Hearrenfean is tongersdei folslein útbaarnd. In mem en har soantsje binne der sûnder ferwûnings útkommen. De brânwacht koe it hûs net mear rêde. Troch de brân ûntstie ek in gaslek. Dat is troch Nuonmeiwurkers reparearre. It is al de tredde wentebrân yn fiif dagen tiid op It Hearrenfean. De brânwacht slút net út dat der in ferbân is. Dat wurdt útsocht troch de plysje en de technyske resjerzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)