Bargen op Sudergowei

21 jan 2005 - 10:21

Op de Sudergowei fan Boalsert nei Warkum is tongersdeitemoarn by de ôfslach Parregea in frachtwein mei bargen kantele. De 120 losrinnende bargen soargen foar oerlêst foar it ferkear. De brânwacht hie der de hannen oan fol. Salang it tsjuster wie bleane de bisten byinoar, mar doe't it ljocht waard fleagen se alle kanten op. Tsientallen bisten dûkten mei in soad nocht yn 'e moddersleat njonken de Sudergowei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)