Frijwilligerswurk op ynternet

21 jan 2005 - 10:20

Alle fakatueres foar frijwilligerswurk yn Fryslân binne tenei te finen op ien ynternetside. Ek organisaasjes en ynstellings yn in gemeente sûnder frijwilligerssintrale kinne dêr gebrûk fan meitsje.

Fryslân is de earste provinsje yn Nederlân dy't op sa'n wize de fakatueres presintearret. Oant no ta hie elke frijwilligerssintrale syn eigen fakatuerebestân. Wol waard der al tsien jier gearwurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)