Regiotaksy Achtkarspelen bliuwt

21 jan 2005 - 10:19

De regiotaksy yn Achtkarspelen bliuwt bestean. Om it projekt oerein te hâlden, ferheget de gemeente de tariven mei 15 oant 20 persint. It opstaptaryf wurdt oanpast en de koarting foar in twadde reizger ferfalt. De nije maatregels gean op 1 maart yn.

De regiotaksy is bedoeld as oanfulling op it gewoane iepenbier ferfier op it plattelân. Hy like earder te ferdwinen fanwege besunigings op bus- en treinferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)