Protestaksje húsdokters

© Omrop Fryslân
Sa'n 200 Fryske húsdokters binne tongersdei yn Utrecht foar in protestmanifestaasje. Ut it hiele lân binne dêr 3000 húsdokters bymekoar. Se binne teloarsteld yn minister Hoogervorst fan folkssûnens. De minister soe ôfspraken om it wurk te ferbetterjen net neikomme.
De dokters dy't de manifestaasje yn Utrecht bywenje, hawwe ferfanging regele foar de pasjinten. De soarch komt dêrtroch net yn gefaar.