Kafeebaas Ljouwert deastutsen

© Omrop Fryslân
Kafeebaas Johan de Jong út Ljouwert is ferstoarn troch stekken mei in skerp ding yn it boarst. Dat blykt út ûndersyk by it Nederlands Forensisch Instituut. Nei alle gedachten giet it om in mes. De kafeebaas waard yn de nacht fan moandei op tiisdei om it libben brocht yn syn kafee.
It buertûndersyk fan de plysje is foar it grutste diel klear. It hat gjin tips oer de dieders opsmiten. De plysje wol no besikers fan it kafee hearre.