Ljouwert krijt ombudsman

14 mrt 2012 - 10:25

De gemeente Ljouwert hat foar it earst in ombudsman. Martien Wierdsma sil bemiddelje tusken ynwenners en gemeentlik apparaat. It kin bygelyks gean oer brieven dy't net beantwurde wurde troch amtners, of minsken dy't fine dat se net goed behannele binne. De ombudsman besiket in oplossing te finen foardat it probleem út de hân rint. Minsken dy't har help hawwe wolle, kinne har melde fia de webside fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)