Folsleine seewarring foar Amelân

20 jan 2005 - 16:35

Guon parten fan It Amelân driigje ûnder wetter te kommen as Rykswettersteat net foar in goeie dykbeskerming soarget. It giet om it gebiet by Hollum dêr't in jeugdherberch stiet en it gebiet oan de noardkant fan it doarp Nes.

It Amelân fynt dat Rykswettersteat by de oanlis fan in nije dykbeskerming ek dizze gebieten beskermje moat tsjin de see. Derôm stapt de gemeente nei de rjochter. De saak tsjinnet op 14 maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)