Nije marren foar wetteropfang

20 jan 2005 - 15:04

Fryslân moat nije marren oanlizze en rivieren breder meitsje. Dat stiet yn in ûndersyksrapport oer wetteropfang dat woansdei presentearre is. It klimaat feroaret en der falt hieltyd mear reinwetter. Om dit op te fangen moat de boezem 1400 bûnder grutter wurde. Dat komt del op 2800 fuotbalfjilden.

De kapasiteit fan de gemalen wurdt de kommende jierren ek al ferhege om wetteroerlêst foar te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)