Van 't Veen driget op te stappen

© Omrop Fryslân
Direkteur Cees van 't Veen fan it Frysk Museum driget op te stappen as der gjin nij museum komt op it Saailân yn Ljouwert. 'Dan stap ik op en vele anderen met mij', sei Van 't Veen woansdei nei ôfrin fan de kommisje Boarger en Mienskip tsjin in tal steateleden dy 't noch net oertsjûge binne fan it nut en needsaak fan de plannen.
Van 't Veen is net benaud dat de nije besikers it by ien besite litte sille.