Imam preket snein yn Hallum

20 jan 2005 - 14:02

De protestânske tsjerke yn Hallum krijt snein foar it earst yn 'e skiednis in imam op de preekstoel. De Ljouwerter imam Önlü sil tegearre mei dûmny Corry Nicolai in saneamde dialooch-tsjinst hâlde.

De imam en de dûmny hawwe dit inisjatyf betocht nei oanlieding fan de eksessen nei de moard op sineast Theo van Gogh. It duo wol op toer by de Fryske tsjerken del om begryp en respekt foar inoars religy te kweken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)