Motyf moard wie rôf

19 jan 2005 - 23:54

De plysje giet derfan út dat kastlein Johan de Jong (54) fan in kafee yn 'e Ljouwerter wyk Nijlân slachtoffer wurden is fan rôfmoard. Neffens de tsjûge (46) dy't ûntkomme koe, wiene trije maskere manlju deryn kommen, hiene se om jild frege en huften se der doe fuortendaliks op yn.

Ut it ûndersyk kaam ek nei foaren dat der jild mist út it kafee. Om hoefolle it giet, is noch ûndúdlik. De plysje docht in grut buertûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)