Museumbestjoer stapt op

© Omrop Fryslân
De helte fan it bestjoer fan it streekmuseum Burgum is opstapt. De reden is dat se minsken dien jaan moatte, om't gemeente gjin ekstra jild jaan wol. It streekmuseum is krekt útwreide. De nijbou soe op 4 maart offisjeel iepene wurde.
It museum krijt no jierliks 15.000 euro. Dêr soe alle jierren eins 20.000 oant 25.000 op ta moatte. De minsken dy't ûntslein wurde, hawwe in subsidiearre ID- of Melkertbaan.