'Huzebou terjochte tsjinhâlden'

19 jan 2005 - 16:38

It provinsjebestjoer hat terjochte de bou fan in hûs oan de Kooidyk yn Readtsjerk tsjinhâlden. Dat hat de Raad van State woansdei bepaald. De gemeente Dantumadiel hie tastimming jûn foar de bou fan in wente tusken de Kooidyk nûmer 15 en 17.

Mar de bewenners fan nûmer 15 hawwe 10 hynders en 20 skiep op har hiem. De gemeente hat der gjin rekken mei hâlden dat de bewenners fan it nije hûs mooglik oerlêst fan de bisten krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)