Skoalle knapt keunstwurk op

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert lit in skoalle in keunstwurk opknappe. It giet om The Russian Box, dy't op treinstasjon Camminghabuorren stiet. De Italiaan Aldo Rossi hat it makke, mar it is is no oan ein.
It Friesland College hat de opdracht krigen. Restaurateurs-yn-oplieding sille de put útfiere. De gemeente hat yndertiid 70.000 gûne foar it keunstwurk delteld. Oer inkelde dagen moat it wer as nij wêze.