Rolstuollers mei stoomtrein

19 jan 2005 - 13:44

Rolstoelgebrûkers kinne op 29 jannewaris ek meiride mei de stoomtrein. De trein rydt tusken Snits en Warkum nei oanlieding fan 'e iepening fan it nije modelspoarmuseum. Dat sit fan dy dei ôf yn it stasjonsgebou fan Snits.

De âlde lokaasje yn 'e kelder fan 'e biblioteek wie inkeld fia in wenteltrep berikber. Rolstuollers koene der dus net yn. Om it goed te meitsjen rydt no in oanpaste wagon mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)