Noch gjin oplossing Dokterswacht

© Omrop Fryslân
De by de Dokterswacht oansluten húsdokters hawwe moandei gjin beslút nimme kinnen oer de besunigings fan mear as twa miljoen euro. As gefolch fan de besunigings moatte nachts faaks alle doktersposten útsein Ljouwert ticht. In oar foarstel wie om de dokters nachts allinnich op paad te stjoeren.
Der is no oanstjoerd op in oplossing wêrby't de doktersposten yn Drachten en op It Hearrenfean gewoan iepen bliuwe.