Mear ynvestearrings yn melkerij

© Omrop Fryslân
Wylst de berjochten oer de ekonomyske situaasje fan de melkfeehâlderij oer it generaal hiel min binne, nimme de ynvestearrings yn de sektor ta. Dat seit de Rabobank Snits-Súdwesthoeke. De bank hat 1200 melkfeebedruiwen as klant en is dêrmei lanlik de grutste lokale jildferstrekker oan boeren yn dy sektor.
It ôfrûne jier hat de bank hast acht prosint mear lieningen ferstrekt oan boeren dy't mei harren bedriuw grutter groeie wolle.