FNP fynt grûn Bûtenpost te djoer

© Omrop Fryslân
De FNP yn Achtkarspelen fynt dat it bestjoer fan dy gemeente fiersten te folle betelle hat foar grûn oan de súdkant fan Bûtenpost. It giet om njoggen hektare, dêr't yn de takomst húzen op boud wurde. De FNP wol de oankeap fan de grûn nije wike beprate yn in gearkomste fan de rie.
Neffens wethâlder Van der Wal moast Achtkarspelen wol tahappe. It giet om it ienichste plak by Bûtenpost dêr't hierwenten boud wurde kinne.