Dochs royemint Tadema?

© Omrop Fryslân
Eare-foarsitter Meindert Tadema fan fuotbalklub de Ljouwerter Sweltsjes wurdt mooglik dochs skrast as lid. In earder royemint waard koartlyn noch ynlutsen. De oarspronklike maatregel waard naam omdat Tadema him te bot mei it sittende bestjoer bemoeie soe.
Twa bemiddelers ha besocht mei beide partijen ôfspraken te meitsjen. Tadema hat dy ûndertekene, mar it bestjoer fan de Sweltsjes noch net. It bestjoer praat dizze wike oer de sitewaasje.