Aksje fan húsdokters

© Omrop Fryslân
Fryske húsdokters fiere tiisdei aksje tsjin de besunigingen fan it kabinet. De húsdokters ferwize pasjinten gauwer troch nei sikehûs of spesjalist. Se wolle sa sjen litte hoe't se yn de praktyk in soad jild besparje, troch hoeden te wêzen mei it trochferwizen.
Troch it kabinetsbelied ha húsdokters hast gjin tiid mear foar goede helpferliening oan minsken mei in groanyske sykte. Tongersdei is in lanlike aksjedei.