Fernielers Aldwâld oppakt

17 jan 2005 - 17:13

De plysje hat moandeitemoarn acht manlju út Aldwâld oanhâlden. De manlju, tusken de 18 en 26 jier, wurde fertocht fan fernielerij yn de Aldjiersnacht.

Se ha ljochtmêsten, ferkearsbuorden en in kabelkast stikken makke. Ek ha se beammen omseage en brân makke. De skea is op syn minst 10.000 euro. De fertochten sitte fêst. De plysje slút net út dat se noch mear minsken oanhâlde sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)