'Behannelings net ferkeard'

17 jan 2005 - 17:05

Twa fysioterapeuten fan Eye4Care ha terminale pasjinten net ferkeard behannele. Dat hat it Tuchtkolleezje bepaald. Neffens de ynspeksje hienen de fysioterapeuten de behannelings útfierd sûnder der in foech foar te hawwen. It tuchtkolleezje fynt dy oanklacht ûnterjochte.

De klinyk yn Harns is sletten. De direkteur en it medysk haad waarden al feroardiele ta ien moanne selstraf en in boete fan 500 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)