Legere winst FrieslandCampina

FrieslandCampina hat oer 2011 in legere winst helle as oer 2010. Dat hat it suvelkonsern bekend makke. De winst wie yn 2011 216 miljoen, wylst in jier earder noch 285 miljoen helle waard. Neffens it bedriuw komt dat ûnder oare om't der mear ynvesteard is yn it bedriuw sels. It giet ûnder oare om útwreidingen fan besteande fabriken. Ek hie de hegere priis dy't feehâlders foar har molke krigen ynfloed. Boeren ûntfongen yn 2011 hast 39 euro foar 100 kilo molke, yn 2010 wie dat rom 34 euro.