Skiep slachte yn Surhuzum

17 jan 2005 - 15:35

In skieppehâlder út Surhuzum is foar de tredde kear yn oardel jier tiid in skiep kwytrekke troch in ûnbekende slachter. De man fûn ferline wike yn in sleat oan it Langfal de kop en in poat fan it skiep. Op de wâlskant lei in soad bloed.

Oan de kop wie te sjen dat dy der professioneel en mei in skerp mes ôfsnijd wie. It giet om in raam fan Texelaar-ras. De skieppehâlder hat oanjefte dien by de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)