Aksjes fan AFA tsjin PVV

14 mrt 2012 - 08:57

De Anti Fascistische Aktie, de AFA, kundiget aksjes tsjin de PVV oan by de gemeenteriedsferkiezings fan 2014. Dy partij wol yn safolle mooglik Fryske gemeenten meidwaan oan dy ferkiezings. De AFA fynt dat de PVV in diskriminearjend en rasisme befoarderjend bestjoer foarstiet en wol dêrom foarkomme dat de PVV yn gemeenterieden komt. De AFA komt mei in kampanje mei posters en stickers en sil ek aksjes dwaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)