Kwikdamp fjoertoer net skealik

© Omrop Fryslân
De konsintraasje kwikdamp yn de fjoertoer fan Skiermûntseach hat gjin gefolgen hân foar it personiel. Dat is de útkomst fan in medysk ûndersyk. By wurk oan de toer waard ein ferline jier konstateard dat de konsintraasje kwikdamp yn de toer te heech is.
It personiel is nei de fynst ferhuze nei in kontainer neist de fjoertoer. It bliuwt dêr sitten, oant al it kwik út de toer helle is. Rykswettersteat is dwaande mei in plan foar dy sanearring.