Taksysjauffeur rydbewiis kwyt

© Omrop Fryslân
In 49-jierrige taksysjauffeur út it Hearrenfean is sneontenacht yn Ruinerwold (Drinte) syn rydbewiis kwytrekke. De man ried mei trije klanten yn de auto 130 kilometer yn de oere troch it doarp. Hy mocht op dat plak 60. Hy sei dat de klanten him frege hiene 'wat hurd' te riden.
De man moast syn rydbewiis ynleverje. Hy hat dêrnei sels in taksy belle om thús te kommen.