Totaalplan foar âld Grou

Boarnsterhim komt mei in totaalplan foar de âlde kearn fan Grou. Dat hat de gemeenterie tiisdei besletten. Der soe praat wurde oer in nij appartemintekompleks oan de Volmawei, mar safier kaam it net. Op foarstel fan de PvdA wurdt no earst besjoen wat der wol en net kin yn it âlde diel fan it doarp.
It totaalplan komt der mei op fersyk fan Pleatslik Belang Grou en in groep omwenners fan de Volmawei. Dy fine de plannen foar it appartemintekompleks net passend, omdat it te heech wurde soe. Sy tinke dat der no aanst nijbou komt dy't wol past.