Fernielings troch jongeren Balk

© Omrop Fryslân
Yn Balk is yn de nacht fan freed op sneon in spoar fan fernielings efterlitten troch in groepke fan 6 oant 8 jongeren. De jongeren binne tusken de 14 en 16 jier âld. Se hawwe besocht in lantearnepeal te fernielen. Fierder waarden ferskate autospegels fernield.
Ek ha de jongeren besocht in ynfalide- weintsje om te triuwen. In tal tunen hat skea oprûn om't se der trochhinne wâde hawwe. By de skoalle gie in tegel troch de rút.