Wer bestjoerder Radius opstapt

15 jan 2005 - 16:54

De gemeente Frjentsjerteradiel moat mei mear jild oer de brêge komme foar it iepenbier basisûnderwiis. Dat seit de tydlik algemien direkteur Maarten Snel fan de Stifting Radius, dy't de njoggen iepenbiere skoallen yn de gemeente bestjoert.

Radius hat twa jier lyn wol jild fan de gemeente krigen, mar dat is net genôch. De algemien direkteur stapte freed op om't sy fynt dat se net funksjonearje kin mei de middels dy't se hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)