Untromming smyt diskusje op

© Omrop Fryslân
De prosedueres by it ûntromjen fan fee yn gefal fan ferwaarleazing kinne folle dúdliker. Dat fine it CDA en de PvdA yn de Twadde Keamer. De partijen hawwe fragen steld oan de minister fan lânbou, nei oanlieding fan de ûntromming fan in pleats yn Jorwert.
Nei de ûntromming is diskusje ûntstien oer de rol fan de ynspeksje foar de bistebeskerming en it foech fan justysje yn dizze saak. Bistebeskerming en AID soene by-inoar lâns wurkje.