Nije sniefager foar Alvestêden

© Omrop Fryslân
De Alvestêdeferiening kin op de ein fan de rûte sûnt freed in nije en sterkere sniefager ynsette. Dizze sniefager is foar de helte oerdroegen oan de Alvestêdeferiening troch de gemeente Ferwerderadiel. Beide partijen hawwe achttûzen euro stutsen yn de oankeap fan de masine.
Ferwerderadiel hat meibetelle omdat de masine ek sûnder iis bûtendoar goed te brûken is troch gemeentewurken.